'Testen nije dosinten lestich'

28 jan 2013 - 16:18
  • NHL yn Ljouwert

It hifkjen fan studinten op geskiktens foar it fak fan learaar is net ienfâldich. Dat seit Geiske Tol, direkteur edukaasje op de NHL yn reakje op útspraken fan Twadde Keamerlid Mohamed Mohandis (PvdA). Dy wol it nivo fan studinten hifkje foardat se oan in learare-oplieding begjinne.

Tol seit dat kennis fan studinten foarôf wol te testen is. Mar dat seit noch neat oer de geskiktheid foar it learaarsfak. Dy docht pas letter bliken. Neffens Tol is it goed dat de polityk meitinkt om it nivo fan de leraren yn Nederlân te ferbetterjen.

De ideeën fan Mohandis binne neffens har net nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)