Testdei foar lifeguards

24 mrt 2012 - 11:26

Yn it swimbad fan Stiens is sneon in testdei foar kandidaten dy't de kommende simmer lifeguard op de Nederlânske strannen wurde wolle. Yn Fryslân is der in soad belangstelling foar dit baantsje. Se ferwachtsje yn Stiens dan ek in lytse tachtich dielnimmers.

Dêrfan bliuwe der ûngefear 25 oer. Op de testdei moatte se sjen litte dat se 400 meter yn 8 minuten swimme kinne en dat se goed gearwurkje kinne. De lifeguards sille ynsetten wurde op de fjouwer Fryske Waadeilannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)