Testament en WASP op Wâldrock

04 mrt 2007 - 13:11
  • WASP
  • De gitarist fan Testament

De earste nammen foar metalfestival Wâldrock binne bekend. 'Shockrockers' WASP en 'old school bay area trashers' Testament trede yn elk gefal op by it festival.

De ferwachting is dat de kommende wiken mear nijsgjirrige nammen oan de line-up tafoege wurde kinne. Wâldrock wurdt dit jier organisearre op 7 july op it bekende festivalterrein oan de Simmerdyk yn Burgum. Sjoch ek op www.waldrock.nl foar mear ynformaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)