Test op Thialf mei tiidmjitten

22 mrt 2014 - 16:29
  • Der wurdt nije mjitapparatuer testen op Thialf

Op Thialf wurdt dit wykein in test dien mei nije mjitapparatuer, dy't de útslach fuortendaliks yn trije sifers achter de komma jaan moat. As dat goed foldocht binne pynlike situaasjes lykas mei Jan Smeekens op de Olympyske Spelen yn Sotsji net mear mooglik. Hy tocht doe even dat er goud wûn hie op de 500 meter, mar even letter waard dúdlik dat dat dochs net sa wie. De test wurdt dien mei in nije spesjale kamera. Dizze simmer wurdt de proef evaluearre om te besjen oft de nije metoade ek echt ynfierd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)