Test mei oaljeskermen

31 jan 2008 - 14:35

Rykswettersteat besiket in nij oaljebestridingsmiddel út. De test is takom wike tongersdei yn 'e haven fan Harns. It giet om skermen dy't brûkt wurde by it oprêden fan driuwende oalje op 'e Waadsee. De nije skermen binne in oanfulling op 'e besteande oprommiddels.

Rykswettersteat is ferantwurdlik foar it oprêden fan oaljefersmoarging. De rykstsjinst hopet dat it mei de skermen hurder giet as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)