Test foar mooglike riedsleden

04 aug 2009 - 11:49

Minsken mei ynteresse yn de polityk kinne op de webside fan de gemeente Ferwerderadiel sjen oft der mooglik in riedslid yn har ferskûle sit. No't de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 tichterby komme, sykje in soad fraksjes nije riedsleden. Dat is net altyd like maklik.

Fia ikraadslid.nl kinne minsken in test dwaan. Mei de test kinne se sjen wat it riedswurk ynhâldt. De webside is in inisjatyf fan it Instituut foar Publyk en Polityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)