Test foar echte greidemolke

19 sep 2013 - 12:42
  • Frysk readbûnt fee

Mei in simpele test kin binnenkoart sjoen wurde oft molke ôfkomstich is fan kij dy't bûten weide ha of net. It bedriuw Q-lip is dwaande mei it ûntwikkeljen fan in systeem dat dit oantoane moat. No't de fraach nei greidemolke hieltyd mear tanimt, is der ek mear ferlet fan dit soarte fan testen. It systeem sjocht nei de kleur fan de molke. Dêrút kin dan ôflaat wurde oft de molke echte greidemolke is. Ek kin mei deselde test sjoen wurde oft in ko drachtich is. De ferwachting is dat it systeem ynkoarten op 'e merk komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)