Test fan klimaat provinsjehús

08 maaie 2012 - 14:44

Hûnderttweintich amtners èn kabaretier Teake van der Meer hawwe tiisdei op it nije provinsjehûs in repetysje dien foar de iepeningsdei fan 22 maaie. In foarstelling fan Van der Meer wurdt as proef brûkt om te sjen oft it klimaat yn de seal opwoeksen is tsjin de grutte groep minsken dy't dan yn de seal ûntfongen wurdt. Yn stee fan gewoanwei 50 minsken, moatte der dan 150 minsken plak ha.

De fraach is oft de seal dan nei ferrin fan tiid ek te hyt en benaud wurdt.

Ek wurdt besocht hoe't al dy minsken maklik fan de iene nei de oare romte lieden wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)