Tessa nei Write Now R'dam

16 apr 2009 - 09:18

De Fryske foarrûnde fan de skriuwwedstriid Write Now! is wûn troch de 15-jierrige Tessa van Breeden út Ljouwert. Sy wûn de wedstriid mei in ferhaal oer in jonge en in famke dy't meielkoar dûnsje.

Sa'n 55 jongeren stjoerden in ferhaal, gedicht op rap yn. De kwalitiet fan de measte ynstjoerings wie neffens de sjuery net heech. Van Breeden wûn foar 250 euro oan boekebonnen. Yn juny docht se yn Rotterdam mei oan de lanlike Write Now ferkiezings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)