Terwispel: replika âlde brêge

30 jun 2014 - 16:28
  • Feest by de fernijde brêge fan Terwispel
  • Terwispel

Terwispel hat moandei de nije Spaltenbrêge yn gebrûk naam. Dêr is hast in jier oan wurke. Doel wie om de brêge foar it farseizoen klear te hawwen en dat is slagge.

De brêge leit yn de Turfrûte en der farre alle jierren sawat twatûzen boatsjes del. De boukosten wurde rûsd op in miljoen euro. It belangrykste is dat der in brêge boud is dy't it doarp hawwe woe: gjin nije strakke en moderne, mar in replika fan de besteande brêge út 1938.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)