'Terroristyske' fotograaf

23 okt 2012 - 16:13

Amateurfotograaf Piet Groeneveld fan It Hearrenfean krige moandei de plysje oan 'e doar, wylst er him fan gjin kwea bewust wie. De man hie foto's makke by in fiadukt oer it spoar yn Stienwyk. In automobilist seach dat er syn statyf pakte, mar tocht dat it in wapen wie en joech it kenteken fan de auto troch oan de plysje.

De fotograaf krige dyselde jûn thús de plysje oan 'e doar mei kûgelwarrende festen oan. De plysje hie de strjtte mei auto's ôfset foar it gefal oft se dochs mei in terrorist te krijen hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)