Terreur yn Haulerwyk

26 jul 2011 - 16:11
  • De strjitte dêr't de slachtoffers wenje

De plysje hat twa mannen út Haulerwyk oppakt nei oanlieding fan gewelddiedige konflikten fan de lêste dagen. Se komme út itselde gesin en de kâns is grut dat der noch mear gesinsleden oppakt wurde. De kwestje waard moandei yn de publisiteit brocht troch boargemaster Oosterman en in dochter fan de slachtofffers. Dy sei dat it doarp al jierrenlang terrorisearre wurdt troch it gesin. Omdat der no einlings oanjefte dien is, kin de plysje der wurk fan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)