Terrein UTD Akkrum opknapt

25 sep 2009 - 16:20

Yn Akkrum gie fiif jier lyn ien fan de meast byldbepalende gebouwen tsjin de flakte. De grutte fabrykshal fan UTD waard sloopt en dat wie it begjin fan in opknapbeurt fan it bedriuweterrein Spikerboar en fan de oanlis fan in nij bedriuweterrein Spikerboar/UTD. Dêr hawwe har 31 nije bedriuwen festige en der wurkje no goed 150 minsken.

Pleatslik Belang hat by de iepening oantrune op de oanlis fan in brêge, omdat der no tefolle swier frachtferkear troch de buorren giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)