Terrein ticht nei brân wynmolen

31 okt 2006 - 23:39

It terrein fan it bedriuw De Wolf BV op it yndustryterrein De Wierde op It Hearrenfean is foarearst ôfsletten. Ek mei der yn it kanaal neist it bedriuwsterrein net fard wurde. De maatregels jilde, omdat de turbine fan in wynmole dêr moandeitemiddei útbaarnd is.

Neffens de plysje en de brânwacht is der noch in lytse kâns dat de wjukken fan de wynmûne nei ûnder falle kinne. Woansdei folget in neiere ynspeksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)