Terrein De Swette moat opknapt

24 nov 2006 - 10:17

De gemeente Dantumadiel wol jild frijmeitsje foar in ûndersyk nei it opknappen fan it bedriuweterrein De Swette yn Feanwâlden. Neffens de gemeente kin it oansjen fan it terrein folle better. In advysburo moat útsykje oft de ûndernimmers op it terrein wat fiele foar in opknapbeurt en hokker ideeën sy dêr sels by hawwe.

Dantumadiel wol 10.000 euro ynsette foar it ûndersyk. De ried moat it foarstel noch wol goedkarre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)