Terpstra wurdt net boargemaster

23 mrt 2004 - 00:00

Fries-om-utens Doekle Terpstra wurdt gjin boargemaster fan Tilburch. De gemeenteried hat moandeitejûn de foarkar jûn oan PvdA-er Ruud Vreeman. Hy moat Johan Stekelenburg opfolgje, dy't ferline jier ferstoarn is.

CNV-foarsitter Terpstra wie troch it CDA nei foaren skood as kandidaat. De Tilburchske gemeenteried sil de foarkar trochjaan oan minister Remkes fan Binnenlânske Saken. Dy nimt de oanbefelling frijwol wis oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)