Terpstra ûnwis oer baan KNSB

06 jul 2013 - 10:55
  • Doekle Terpstra stiet de media te wurd op it KNSB-kantoar yn Utrecht

Foarsitter Doekle Terpstra fan it reedrydbûn KNSB oerwaget om syn funksje del te lizzen. Dat seit Terpstra sneon yn de Telegraaf. Hij prakkeseart der oer om op te hâlden, fanwege alle kommoasje oer hokker iishal de topsportstatus krije moatte soe. Terpstra fielt him noch wol stipe troch de leden fan de KNSB, mar hy fynt it ûnakseptabel dat oare partijen syn yntegriteit yn twifel lûke.

Terpstra seit dat er yn syn lange bestjoerlike karriêre noch nea meimakke hat dat er as persoan troch it slyk helle waard lykas no bart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)