Terpstra stapt op by Inholland

31 jan 2014 - 21:04
  • Doekle Terpstra

Doekle Terpstra stapt op as bestjoersfoarsitter by Hogeschool Inholland. Dat hat in wurdfierder fan de ynstelling bekend makke. Inholland woe net sizze wêrom en wannear't Terpstra fuort giet. Ek is noch ûnbekend wa't him opfolgje sil.

Terpstra wie sûnt ein 2010 bestjoersfoarsitter by de hegeskoalle en krige it swier foar de kiezzen. De kwaliteit fan de ynstelling soe ûnder de mjitte wêze en it eardere bestjoer deklarearre hege bedragen, dy't neat mei ûnderwiis fan dwaan hienen. Terpstra waard binnenhelle om oarder op saken te stellen.

De krante Spitsnieuws krige freed in ôfskiedsmail fan Terpstra yn hannen. Dêryn skriuwt er: 'In goede samenspraak met de Raad van Toezicht heb ik besloten mijn verbinding met de hogeschool niet te verlengen. Een nieuwe fase van ontwikkeling vraagt ook weer een nieuw en bijpassend voorzitterschap. In de komende maanden zal de Raad van Toezicht daarom op zoek gaan naar mijn opvolger.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)