Terpstra ropt op ta Nuon-boycot

03 apr 2005 - 13:59

Klanten fan Nuon moatte it bedriuw boycotte út protest tsjin de hege bonus fan topman van Halderen. Dat seit foarsitter Doekle Terpstra fan it fakbûn CNV.

Klanten soene Nuon sa twinge kinne wat oan de beleaning fan de topman te dwaan. De provinsje Fryslân sil ek om opheldering freegje oer de hichte fan de bonus fan Van Halderen. Dy seach syn ynkommen ferline jier hast mei de helte omheech gean, nei dik acht ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)