Terpstra nimt Koehoorn oer

17 sep 2003 - 00:00

Alle aktiviteiten fan Wibo Koehoorn Tweewielers yn Drachten wurde oernommen troch Jan Terpstra Tweewielerspecialist yn Ljouwert. Dat hat de direksje fan de fytsewinkel fan Terpstra bekend makke. Terpstra hie oant no ta festigingen yn Ljouwert en Snits.

Drachten komt dêr no by. Mei inoar wurkje der aanst 20 minsken by it bedriuw. Dêrmei wurdt Terpstra ien fan de grutste fytsewinkels fan Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)