Terpstra fuort by KNSB

03 sep 2013 - 22:42

De lederied fan de KNSB hat it ûntslach fan foarsitter Terpstra tiisdeitejûn akseptearre. De rest fan it reedridersbestjoer bliuwt wol oan. De fjouwer oerbleaune bestjoersleden fine it yn dit Olympyske jier net ferantwurde om ek op te stappen. Hoewol't de lederied ynstimt mei it ôftreden fan Doekle Terpstra, betreurt it de gong fan saken wol. Terpstra rekke oardel wike lynd yn opspraak nei in artikel yn it AD, wêryn suggerearre waard dat er net ynteger hannele hawwe soe yn de wedstriid om de topsportstatus tusken Almere, Zoetermeer en Thialf.

Nei de lederiedgearkomste fan ferline wike woansdei krige Terpstra lykwols it folsleine fertrouwen. Mar in frontale oanfal fan Sven Kramer, wie Terpstra úteinlik te mâl. Hy stapte op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)