Terpstra ambassadeur Tryater

19 jun 2008 - 16:37
  • Terpstra is Tryaters earste ambassadeur

Doekle_Terpstra wurdt ambassadeur foar Tryater. De âld-foarsitter fan it CNV en hjoeddeistige foarsitter fan de HBO-ried sil foar it teaterselskip yn polityk Den Haach as wurdfierder optrede. Fierders moat Terpstra besykje finansjele stipe foar Tryater by it bedriuwslibben los te krijen.

Terpstra is dêrmei de earste ambassadeur dy´t it Fryske teaterselskip hat. It giet om in net-betelle funksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)