Terp wol mear Fryske opfanghuzen

30 okt 2004 - 16:48

De Terp wol meardere opfangtehuzen iepenje yn Fryslân. Dat fertelde de direkteur Kees van Anken freed by de iepening fan it hûs foar jongerein yn Ljouwert. It Hearrenfean, Drachten en Snits komme yn 'e beneaming foar sa'n tehûs.

De opfang is net allinnich foar jongerein, mar foar elkenien dy't sosjale problemen hat. De Terp ferwachtet sa earder sinjalen fan ûntspoarde jongerein op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)