Terhernsterdyk iepen nei gaslek

21 des 2006 - 16:01

De Terhernsterdyk tusken Akkrum en Terherne hat tongersdei it grutste part fan de middei ôfsletten west foar ferkear fanwege in lek yn in gas- transportlieding. It lek soe ûntstien wêze troch grûnwurk.

Meiwurkers fan Essent hawwe lang dwaande west om de problemen op te lossen en te soargjen dat de ynwenners fan Terherne net sûnder gas kamen te sitten. Direkt omwenjenden hawwe gjin gefaar rûn, neffens de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)