Terherne wol gruttere haven

14 okt 2014 - 11:57

Pleatslik Belang Terherne wol in nije haven foar passanten. Dêrfoar hat it bestjoer in plan yntsjinne by gemeente De Fryske Marren. Op dit stuit binne der fiif oant sân lisplakken foar boatsjefarders dy't eefkes oanstekke wolle yn it wettersportdoarp. Dat moatte der aans tweintich wurde.

In soad wettersporters farre Terherne no foarby, seit Sietze Zeilstra fan Pleatslik Belang. En dat is min foar de pleatslike middenstân. Foar de nije doarpshaven soe it grutte parkearplak oan de Alde Sânsleat brûkt wurde kinne. It plan kostet 200.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)