Terapy foar homomishannelster

29 aug 2013 - 15:24

De offisier fan justysje yn Ljouwert easket in yntinsive psychyske behanneling op in sletten ôfdieling foar de frou dy't fertocht wurdt fan mishanneling fan twa homoseksuele manlju en twa froulju. Tsjin de 19-jierrige Elena S. waard 493 dagen selstraf easke, wêrfan 360 dagen mei betingst.

Neffens justysje hannele de frou by beide mishannelings út traumatyske ûnderfinings út it ferline wei. Justysje leit by de strafbepaling de klam op behanneling om't de frou noch jong is en de kâns op werhelling grut is. De frou hat har selstraf al útsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)