Terapeut yn heger berop

04 feb 2011 - 16:29
  • Gerjochtshôf yn Ljouwert

In terapeut út Bûtenpost giet yn heger berop tsjin de njoggen moanne selstraf fan 'e rjochtbank. Hy soe in frou út Hurdegaryp en har famylje lestich fallen en falsk beskuldige hawwe fan bernemisbrûk. De man ûntkent lykwols.

De stifting Job Kehillot dêr't de terapeut aktyf foar wie, lit no witte dat in oar har by de plysje melden hat. Dy frou sit ek by de stifting en sy seit dat sy it dien hat. It Iepenbier Ministearje twifelt lykwols net oan 'e skuld fan 'e man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)