Ter Molen heechlearaar sulver

19 aug 2009 - 11:32

It tal Fryske studinten dat ynteressearre is yn sulver kin de kommende jierren wolris tanimme troch de beneaming fan in nije bysûnder heechlearaar 'Tapaste keunsten en keunstnijverheid' oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. It giet om in learstoel dy't betelle wurdt troch de Ottema-Kingmastichting, de eigner fan belangrike dielen út de kolleksje fan Fryske musea.

De beneaming is gien nei Johan ter Molen, de direkteur fan Paleis It Loo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)