Ter Huivra it meast ûnsjoch

25 maaie 2009 - 09:12
  • It meast ûnsjogge plak (foto: Mariska Suierveld/Skarsterlannieuws)

Appartemintekompleks Ter Huivra op 'e Jouwer is útroppen ta it meast ûnsjogge plak fan Skarsterlân. De nijssite Skarsterlannieuws.nl hie koartlyn in stemming organisearre en luts 176 reaksjes.

Acht lokaasjes kamen yn de finale. De measte stimmen gienen nei Ter Huivra, as twad ûnkreas plak waard de leechstân lâns de Slachtedyk útkeazen. It "ufo"-achtige gebou De Visschotel, op de Jouster Merk fan De Jouwer, einige as tredde yn de ferkiezing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)