Ter Horst oer HBO-misstannen

10 jan 2011 - 17:04

De nije foarsitter fan 'e HBO-Ried âld-minister Guusje ter Horst wol aktiver optrede by mooglike misstannen yn it heger beropsûnderwiis. Dat seit se yn reaksje op ûndersyk fan 'e ûnderwiisynspeksje nei de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. De bestjoerders dêr soene te rij mei jild en earedoktoraten west hawwe by it opsetten fan bûtenlânske festigings.

Salang't dat ûndersyk rint, wol Ter Horst net ynhâldlik yngean op de beskuldigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)