Ter Beek: waarme, markante man

29 sep 2008 - 14:40

Relus ter Beek, de kommissaris fan de Keninginne yn Drinte, wie in 'markante persoan' en in 'waarme man' dy't in soad foar it noarden betsjutten hat.

Dat seit de Fryske kommissaris fan de Keninginne, John Jorritsma, yn reaksje op it ferstjerren fan Ter Beek yn syn wenplak Assen. Ter Beek (64) hat hast 14 jier kommissaris yn Drinte west. Jorritsma hat Ter Beek mar in pear moannen meimakke, mar seit dat er in goeie bân mei him hie. Jorritsma neamt Ter Beek 'iepen, hertlik en oprjocht'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)