Tentoanstelling oer Vlaskamp

29 mrt 2014 - 10:22
  • Túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp

Yn it Fries Museum yn Ljouwert begjint nije wike sneon in tentoanstelling oer de ferneamde Fryske túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp. Vlaskamp lei yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu sa'n 350 tunen en parken oan yn Noard-Nederlân. Hy brûkte dêrby de foar dy tiid gebrûklike romantyske Ingelske lânskipsstyl.

Op de tentoanstelling wurdt mei tekeningen en foto's in byld jûn fan de tunen fan Vlaskamp. Ek ferskynt der in boek De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp en stjoert Omrop Fryslân in dokumintêre út oer de túnarsjitekt.

Doel is mei de aktiviteiten it wurk fan Vlaskamp yn eare te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)