Tentoanstelling oer histoaryske skipswerf De Hoop yn Warkum

22 maaie 2015 - 19:09
  • De Wieringer aak 'Marieke', krekt restaureard troch skipshelling De Hoop

Yn Warkum is freed in permaninte tentoanstelling iepene oer en yn skipswerf De Hoop. De werf bestiet al trije ieuwen en is in ryksmonumint dat noch folop yn gebrûk is. Nijsgjirrige minsken rûnen betiden sa it werfterrein op mei fragen oer de histoarje fan De Hoop. En dêr is net altiten tiid foar. It makke wol dúdlik dat der ferlet wie fan in foarsjenning wêrby minsken in goeie yndruk krije fan de skiednis en it hjoeddeistich wurkjen op de werf. De iepening waard dien troch bern fan de werfbaas dy't fuortgiet en dy fan de nije werfbaas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)