Tenoaretekoart by Concordia

04 sep 2007 - 12:03

Concordia fan Ljouwert, ien fan de grutste koaren fan Fryslân, sit te springen om nije tenoaren. It koar wol takommend jier foar it earst it Requiem fan Verdi opfiere en hat dêrfoar 15 nije tenoaren nedich. It koar hat der op dit stuit mar 6.

As der gjin tenoaren by komme giet it Verdikonsert oer. Dat is spitich, want it útfieren fan it requiem is foar in soad leden in dream. Nije tenoaren kinne fergees sjongles krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)