Tennissport buorket achterút

03 nov 2014 - 11:49
  • De Harkema tennist tenei op sportpark De Bosk

Op de tennisbanen yn Fryslân wurdt it hieltiid rêstiger. De tennisklups hawwe it nammentlik dreech. Hieltiid mear jongeren kieze foar in oare sport, lykas fuotbal of fitness. Net allinnich de jeugd seit it tennis farwol, ek by de senioaren rint it ledetal omleech.

De Fryske tennisklups hawwe yn de ôfrûne fjouwer jier 20 prosint oan leden ferlern. By de jeugdleden giet it noch hurder: - 26%. It tal organisearre tennissers yn Fryslân sakke mei-inoar fan 21.700 oant 17.500.

Neffens it tennisbûn binne der ferskate oarsaken foar it weromrinnen fan de belangstelling foar de sport. Ien dêrfan is it feit dat it Nederlânske tennis ynternasjonaal net in soad mear foarstelt. Mar ek de ekonomyske krisis spilet in rol. Foar in soad minsken is tennis de twadde sport dy't se dogge. As minsken dan foar in sport betankje, wurdt faak foar de oare sport keazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)