Tennismosk yn Natuurmuseum

09 nov 2007 - 17:52

Nei de Cricketmosk en de Dominomosk is der no ek de Tennisbalmosk. Alve jier lyn servearde Meindert Van der Schaaf by de klubkampioenskippen fan tennisferiening West-Dongeradiel in bal op itselde stuit dat der in mosk oerfleach.

Tennisballen en oerfleanende mosken passe blykber net goed byelkoar, want de mosk oerlibbe de botsing net. Fan freed ôf is de mosk te sjen yn it Natuurmuseum yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)