Tennet skrast oanlis kabel

21 feb 2014 - 11:09

Netbehearder Tennet skrast de plannen foar de oanlis fan in nije heechspanningslieding troch de provinsje. De lieding is net mear nedich om't der yn de Eemshaven by Delfsyl minder elektrisiteit produsearre wurdt as tocht.

De stroom dy't dêr no weikomt kin gewoan oer it besteande net rjochting Rânestêd ferfierd wurde. Dat giet dan ûnder oaren fia de heechspanningsliedings dy't lâns Ljouwert rinne. Tennet soe 1 miljard euro stekke yn de nije ferbining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)