Tennet oer nije hegere mêsten

18 okt 2012 - 11:01

Netbehearder Tennet hâldt yn novimber ynformaasjejûnen oer de nije heechspanningsmêsten tusken Burgum, Aldehaske en De Lemmer. Dy mêsten komme foar in grut part op it plak fan besteande mêsten, mar wurde 10 meter heger en der stiet gjin 220 kilofolt op, mar 380. De bou dêrfan sil in soad oerlêst jaan yn de buert en boeren kinne in skoft lang har lân net brûke.

De nije mêsten binne nedich om de stroom fan de nije koalesintrale yn de Eemshaven te ferfieren nei in heechspanningsstasjon yn Flevolân. De bou soe oer twa jier begjinne moatte.

De ynformaasjejûnen binne op 12 novimber yn Akkrum, 13 novimber op De Jouwer en op 19 novimber yn Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)