Tennet kontrolearret heechspanningskabels op izelskea

09 jan 2016 - 14:58
  • Heechspanningskabels

Enerzjybedriuw Tennet kontrolearret moandei alle heechspanningskabels yn Fryslân, Grinslân en Drinte op breuken. Troch de izel fan ôfrûne wike kinne de kabels skea oprûn hawwe. Der wiene troch it iis op de kabels meardere kearen saneamde spanningsdips, mei knipperjende ljochten by minsken thús as gefolch.

Tennet hat de kabels mei in helikopter út de loft wei kontrolearre. Se sille moandei fan de grûn ôf nochris goed de kabels neisjen. Dat wie earder net mooglik fanwegen de glêdens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)