'Tenei stimme fia ynternet'

06 mrt 2014 - 15:15

Minsken moatte tenei fia ynternet stimme kinne. Dat seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Neffens him is de wize fan stimmen fan no yn Nederlân ferâldere. Om mear minsken safier te krijen dat se stimme, soe it goed wêze dat dat fia de kompjûter kin. Mooglik kin der in app foar ûntwikkele wurde, seit Bilker. Hy makket him soargen oer de lege opkomst.

Kollega-boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf tinkt net dat it gemak fan ynternet mear minsken derta oanset om te stimmen.

Omrop Fryslân leit minsken tongersdei de kwestje fan de ferwachte lege opkomst foar yn de Reade Tried. Minsken kinne ideeën oandrage om wat oan dat probleem te dwaan. Ut de poll op www.omropfryslan.nl docht bliken dat aardich wat minsken wol wat sjogge yn stimme fia de kompjûter. Mar ek de opsje fan de opkomstplicht skoart frij heech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)