Tenei 130 op alle sneldiken

28 nov 2011 - 16:37

Op alle sneldiken yn de provinsje mei fan takom jier septimber ôf 130 kilometer yn de oere riden wurde. Tusken De Sweach en Drachten mei dat allinnich jûns en nachts. Ferkearsminister Schultz van Haegen hat dat moandei bekend makke.

De minister hat dat besletten op basis fan de resultaten fan de proef op ûnder oare de Ofslútdyk en op de A32 fan It Hearrenfean nei Stienwyk. It falt wol wat ta mei it lûd en de kwaliteit lucht wurdt der ek net folle minder fan, seit de minister.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)