Ten Rouwelaar nei Oranje

18 mrt 2011 - 12:41
  • Jelle ten Rouwelaar

Keeper Jelle ten Rouwelaar is selektearre foar it Nederlânsk Alvetal. Dat hat bûnskoach Bert van Marwijk bekend makke. De âld-Jouster, dy't op it heden by NAC Breda spilet, is ien fan de keepers dy't de blessearre Maarten Stekelenburg ferfange kin.

Foar de 30-jierrige Ten Rouwelaar is it it debút yn 'e seleksje fan Oranje. Hy kaam earder tolve kear út foar Jong Oranje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)