Ten Rouwelaar nei FC Zwolle

17 maaie 2004 - 00:00

Jelle ten Rouwelaar (23) stiet it kommende seizoen yn it doel by FC Zwolle. De Jouster is noch eigendom fan PSV, mar waard it ôfrûne seizoen ferhierd oan FC Twente. By dy klup kaam Ten Rouwelaar amper oan keepen ta.

FC Twente woe de hieroerienkomst net ferlinge. FC Zwolle ferlear snein fan Feyenoord mei 7-1 en degradearre út de earedivyzje. De klub spilet it kommende seizoen op 'e nij yn de earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)