Ten Rouwelaar moat oanfierdersbân ynleverje

08 jan 2015 - 15:24
  • Jelle ten Rouwelaar

De Jouster doelman Jelle ten Rouwelaar is net langer oanfierder fan NAC Breda. De nije trainer Robert Maaskant wol in fjildspiler dy funksje jaan. Wa't de nije oanfierder wurdt fan de Brabanners is noch net bekend.

De 34-jierrige Ten Rouwelaar wie al sûnt 2011 de oanfierder fan NAC Breda. "Ik heb de band met trots gedragen", lit de Fryske doelman oan Omroep Brabant witte. "Het is jammer dat de trainer een veldspeler wil, maar als dit NAC verder helpt, vind ik het prima. Ik had het niet verwacht."

Maaskant leit syn beslút út op de webside fan de klup: "Ik vind het belangrijk dat de aanvoerder een veldspeler is. Jelle blijft het gezicht van NAC en de leider van dit team, een echte captain."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)