Ten Hoeve tefreden oer Geörgje

24 maaie 2008 - 12:40
  • Hindrik ten Hoeve

Hindrik_ten_Hoeve sjocht tefreden werom op syn wurk as waarnimmer by de parlemintsferkiezings yn Geörgje. Dy wienen ôfrûne woansdei. De ferkiezings binne yn tsjinstelling ta oare kearen goed ferrûn.

It Earste Keamerlid foar de ûnôfhinklike senaatsfraksje wie as waarnimmer by in kiesdistrikt yn it midden fan Geörgje. Ten Hoeve seit dat alles oarderlik gien is. It is him dúdlik wurden dat guon ynwenners foarút wolle mei har lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)