Ten Hoeve dochs net yn 1e Keamer

28 maaie 2003 - 00:00

Hindrik ten Hoeve fan Stiens komt dochs net yn de Earste Keamer foar de Onafhankelijke Senaatsfractie. Dat blykt út de offisjele útslach fan de Kiesraad, dy't woansdei bekend makke is.

Ten Hoeve, dy't op de list stie foar de FNP, krige wol mear stimmen as listoanfierder Zinken út Limburg. Dy stimmen hawwe mei inoar lykwols minder gewicht as it tal stimmen foar Zinken. Dat wurdt bepaald troch it ynwennertal fan de provinsje. De FNP is teloarsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)