Ten Hage hâldt op

01 des 2005 - 23:26

Drachtster Boys-trainer Jan ten Hage giet nei dit seizoen fuort as trainer fan de sneonshaadklasser. De club en Ten Hage hawwe besletten der oan 'e ein fan dit seizoen mei op te hâlden. De trainer is dwaande mei syn twadde seizoen by de club út Drachten. Ferline jier promovearren de Drachtsters noch nei de haadklasse troch kampioen te wurden fan de Earste Klasse.

Wa't de opfolger wurdt fan Ten Hage, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)