'Ten books from Friesland'

27 sep 2013 - 11:45
  • Frankfurter Buchmesse

De Fryske literatuer kriget dit jier ekstra omtinken op de wichtige Frankfurter Buchmesse. Dêrfoar is in boekje gearstald mei fragminten út tsien Fryske boeken yn Ingelske oersetting. Deputearre Jannewietske de Vries kriget freedtemiddei yn it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert it earste eksimplaar fan de brosjuere '10 Books from Friesland'.

It Nederlânske Letterefûns docht dit jier foar it earst yn 'e mande mei Tresoar in mienskiplike promoasje op de grutte boekebeurs yn Dútslân.

Nei de oerlanging oan kultuerdeputearre De Vries is der in petear oer de promoasje fan literatuer yn it bûtenlân. Literatuersaakkundige Alpita de Jong keas de tsien Fryske boeken foar promoasje yn Frankfurt út. De oersette fragminten yn '10 Books from Friesland' komme út 'De Fûke' fan Rink van der Velde, 'De Sûnde fan Haitze Holwerda' fan Ulbe van Houten, 'Grûn en minsken' fan Reinder Brolsma en 'Leafdedea' fan Homme Eerntsma, mar ek fan eigentiidske dichters/skriuwers lykas Tsjêbbe Hettinga, Elmar Kuiper, Hidde Boersma, Jaap Krol, Elske Kampen en Janneke Spoelstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)