Temapark definityf fan 'e baan

15 sep 2000 - 10:10

It temapark by rekreaasjegebiet Griene Stjer yn Ljouwert giet definityf net troch. Deputearre Steaten fine it mei 15 miljoen gûne te djoer. Yn it temapark soene de twa besteande lânboumusea, it Frysk Natuermuseum en Otterpark Aqualutra byinoar komme.

It natuermuseum kriget no 5 miljoen foar útwreiding. Foar in nij, grut lânboumuseum is der 2 miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)