Temajûn sintrale as yn Burgum

03 des 2005 - 14:39

GrienLinks hat freedtejûn yn Burgum beswiermakkers tsjin de sintrale as frege nei de meast ideale útfiering fan de rûte tusken Dokkum en de Wâldwei. De temajûn wie organisearre troch de lokale ôfdieling fan de partij yn 'e mande mei de steatefraksje.

Beswiermakkers krigen in útnoeging om fan gedachten te wikseljen oer de nije dyk en de GrienLinks-fisy dêrop. Der kamen sa'n tritich minsken op ôf; fan aksjegroepen oant doarpsbelangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)